Fryske jongeren -en har âlden- meie bêst wat ambisjeuzer wêze. Dat is in konklúzje dy't lutsen wurde kin út it rapport fan it Fries Sociaal Planbureau dat hjoed ferskynde. Jongeren yn ús provinsje kieze (te) faak foar it MBO, en bliuwe it leafst lang thús en dan dochs yn elk gefal yn Fryslân wenjen. Wa't mear leard hat, lit Fryslân achter him/har. Yn Weistra op wei in reportaazje, makke op it Ljouwerter HBO.
Hoe giet it mei de demonstrearjende Grinslanner boeren yn Den Haach? Selsferklearre miljeuaktivist en âld-Berltsummer Egbert Born is dêr, en hâldt ús op 'e hichte. Hoe fier komme de trekkers?
Der moat in ein komme oan al dy betegele tunen. De Ljouwerter wethâlder Van Gelder (PAL-Grien Links) blaast de kampanje "Steenbreek" nij libben yn, ferslachjouwer Willem de Vries is dêrby.
It is hast net foar te stellen mei de ekstreem wiete winter yn ús kriten, mar yn Súd-Afrika hat it al trije jier hast net reind. De drûchte is dêr sa stadichoan in grut probleem. Sa meie minsken noch mar twa minueten deis dûse, en wetter foar de tún of foar de auto is ferbean. Yn Weistra op wei ha we kontakt mei Fries om utens Sierd van der Bij. Hoe smoarch is syn hier?