Weistra op wei fan 2 desimber 2015 16:00

Juster rekken twa minsken ferwûne troch bitende hûnen. Dat wie yn Rotterdam en yn Zaandam, mar it kin fansels oerol gebeure. Hoe foarkomme je saneamde bytynsidinten? Moat der in ferbod op bepaalde rassen komme? Dêroer de miening fan bistedokter Annelies Nieuwenkamp fan Frjentsjer.
Dan nimt Frans Kuipers nei mear as tritich jier ôfskied fan de Fryske polityk. Hy wie in "tsjintinker" yn syn partij, it CDA, "mar troch tsjin de hierren yn te striken sjogge je de lûzen", yn Weistra op wei in petear mei Kuipers.
Fierder yn Weistra op wei omtinken foar in ludike skjinmakaksje yn Ljouwert, mear oer de nije beëage direkteur fan SC Hearrenfean, en foar it Slotstik kin keazen wurde út trije ferskes dy't wat mei files te meitsjen hawwe.

16:09 - Bruce Springsteen - Hungry Heart
16:43 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein


17:09 - Mike & The Mechanics - Over My Shoulder
17:17 - Zara Larsson - Lush Life
17:39 - Queen - Bicycle Race
17:47 - Mariusz & De Muzikanten - It Kin Samar
17:51 - Kraftwerk - Autobahn (Single Version)
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)