Weistra op wei fan 19 septimber 2017 16:00

In soad omtinken foar Prinsjesdag hjoed, yn Weistra op wei. Ferslachjouwer Onno Falkena komt mei reaksjes op de, wat wol neamd wurdt "saaiste begrutting yn hûndert jier". Fryske politisy en bestjoerders komme oan it wurd.

Dan komt in tal kranten hjoed mei in aparte advertinsje fan de Eneco Groep. Yn de advertinsje fertelt boargemaster Albert de Hoop grutsk oer it grutte sinnepark op syn eilân It Amelân. "De eerste jaren werd er wat gnuivend gemompeld over 'die gekke burgemeester'. 'Die man heeft een hobby', zeiden ze". It sinnepark is ien fan de grutste fan ús lân, mar werom makket De Hoop dêr reklame foar?

Ferslachjouwer Willem de Vries sjocht yn Ljouwert en yn Snits by de opslach fan guod dat ynsammele is foar de orkaanslachtoffers op Sint Maarten, we sjogge foarút op de bekerwedstryd dy't Cambuur jûn spilet tsjin Helmond Sport, en fierder fansels it waar, ferkear, en der kin wer stimd wurde op trije platen yn It Slotstik.

Wat fine Sybrand Buma en Gert-Jan Segers fan de Troanrede

  • Harkje nei Buma en Segers

Tiden hawwe tiden. Ferline jier wiene Sybrand van Haersma Buma (CDA) en Gert-Jan Segers (ChristenUnie) noch tige kritysk oer Troanrede en Miljoenenota fan kabinet Rutte II. Dit jier binne se folle positiver. Dat is ek wol logysk, want Troanrede en Ryksbegrutting slaan al in bytsje in brêge nei it nije kabinet, dêr't Buma en Segers beide oer mei-ûnderhannelje. Harkje mar nei harren earste reaksjes op de Troanrede. 

Harkje nei de reaksjes fan Van der Molen, Diks en Hiddema

  • Harkje nei Harry van der Molen, Isabelle Diks en Theo Hiddema

Twadde Keamerlid Harry van der Molen út Ljouwert (CDA) makke Prinsjesdag foar it earst mei en fûn dat hiel bysûnder. Hy wie, lykas syn partijlieder Buma, myld oer Troanrede en Miljoenenota. Isabelle Diks (GrienLinks) wie in stik kritysker. Fries-om-utens Theo Hiddema fynt de Troanrede foaral 'een mooi ritueel'.  

16:06 - Matthew Wilder - Break My Stride
16:17 - Lucas & Steve - Up Till Dawn
16:23 - Mavericks - Dance The Night Away
16:41 - Calvin Harris - My Way
16:50 - Tina Charles - I Love To Love
17:06 - Ellie Goulding - Still Falling For You
17:14 - Wiebe & Elske Dewall - Make Me Yours (Frysk!)
17:39 - Ilse Delange - Next To Me
17:47 - Chef Special - Try Again
17:55 - Beatles - Getting Better

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)