Weistra op wei fan 19 oktober 2017 16:00

It minsklik kontakt ferrint hieltyd faker fia de firtuele wei. Ut ûndersyk fan it Frysk Sosjaal Planburo docht bliken dat famylje en freonen mekoar faker fia it ynternet of de mobile telefoan sjogge as dat soks yn it echt plakfynt. Harm Weistra praat mei ûndersykster Miranda Visser fan it Planburo. Hoe slim is soks eins?

Wat hawwe de fuotbalklups Barcelona en Blauw-Wit mei mekoar mien? Net safolle, soenen je yn earste ynstânsje sizze. Mar dat is toch oars. De Ljouwerter fuotbalklup, alteast it achtste team, draacht lykas de Katalaanske klup, Unicef as shirtsponsor op it liif. Hoe't dat sa kommen is, en wat soks feitlik betsjut, fertelt Bram Dekker fan Blauw-Wit.

Fierder is ferslachjouwer Geert van Tuinen by it moarn te iepenjen ytkafee Brownies en Downies, ûnderbrocht yn wat earder Café de Vrouwenpoort yn Ljouwert wie, en we ha fansels it lêste Fryske nijs, it waar en moaie muzyk.

16:07 - Armin Van Buuren - Sunny Days
16:14 - Katrina & The Waves - Love Shine A Light
16:22 - Daniel Powter - Bad Day
16:35 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
16:43 - Marit - Libbenstier
16:50 - Madness - It Must Be Love
16:54 - Avicii - Wake Me Up
17:06 - Kenny B - Parijs
17:14 - Dr. Alban - Sing Halleluja
17:23 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
17:37 - Charlie Puth - Attention
17:47 - Wind Earth & Fire - September
17:54 - Moody Blues - Go Now

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)