Weistra op wei fan 19 maaie 2017 16:00

    Harns moat in getijdenswimbad krije. Mei dat boargerinisjatyf komme Johan Benning en Arjen Mintjes. Sy wolle de Harnzers fiele litte hoe't it is om yn see te swimmen, sûnder dat je ek echt de see yn moatte. Sa'n 'getijdenbad' is yn it Frânske Saint-Malo in grut súkses, en werom soe soks yn Harns net slagje? Yn Weistra op wei dogge de mannen har ferhaal.

    Ferslachjouwer René Koster giet op besite by it earste Frituerfestival, dat fan 'e middei yn Neushoorn yn Ljouwert hâlden wurdt. It is ien grutte oade oan de bitterbal, de kroket en wat der allegear noch mear yn de frituer smiten wurde kin -mar werom eins?

    Fêste gast op freed is advokaat Bart Canoy, en hy nimt âld-steatssekretaris Fred Teeven op 'e kerrel. Hy wie ommers ferantwurdlik foar de wet dy't it mooglik makke dat de Poalske man dy't in berntsje dearied op ferlof mocht, èn ek woe Teeven op de advokatuer besunigje, sadat dy syn wurk minder goed dwaan koe.

    Dat, mei It Slotstik en it lêste Fryske nijs, yn Weistra op wei.

    16:07 - Daryl Hall - Dreamtime
    16:14 - Ed Sheeran - Castle On The Hill
    16:37 - Bricquebec - Ien Kear
    16:46 - Sam Hunt - Take Your Time
    16:53 - Joe Cocker - Summer In The City
    17:06 - Owl City & Carly Rae Jepsen - Good Time
    17:13 - Twarres - Won't Let Go
    17:22 - Five Star - Rain Or Shine
    17:39 - Traffic - Paper Sun
    17:50 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
    17:54 - John Denver - Thank God I'm A Country Boy

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)