Weistra op wei fan 19 april 2017 16:00

    Ferkearsfeiligens moat topprioariteit wurde fan it nije kabinet. Dat skriuwe 32 organisaasjes yn in manifest oan de polityk. Troch oan dit ûnderwerp absolute foarrang te jaan kin it stigende tal deaden en ferwûnen yn it ferkear in halt taroppen wurde, sa mient de alliânsje. Yn Weistra op wei in gesprek mei Kees Mourits fan it Fytsersbûn Fryslân. De helte fan alle ferkearsslachtoffers is fytser.

    Dan komt der nei tsien jier in ein oan de BurgumRun. De organisaasje is der net yn slagge om opfolgers te finen dy't de organisaasje fan it evenemint op har nimme wolle. Yn Weistra op wei in petear mei man-fan-de-earste-oere, Jaring de Groot.

    Fierder fansels it lêste Fryske nijs, it waar en yn It Slotstik giet it oer GPTV, de Fryske kommersjele TV-stjoerder dy't der nei dik tweintich jier mei ophâldt.

    16:06 - Fairground Attraction - Perfect
    16:13 - Ed Sheeran - Castle On The Hill
    16:20 - Diana Ross - My Old Piano
    16:40 - Mariusz & De Muzikanten - Blaas Der Op
    16:51 - R. City Ft. Adam Levine - Locked Away
    17:07 - Ronan Keating - Life Is A Rollercoaster
    17:16 - Wiebe - Sjoch It Ljocht
    17:44 - Lovin' Spoonful - Daydream
    17:51 - Niall Horan - This Town
    17:55 - A-Ha - The Sun Always Shines On Tv

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)