Weistra op wei fan 18 oktober 2017 16:00

    De IFKS hat it al meardere kearen besocht: skûtsjesile op snein. It like lang taboe, mar it bestjoer wol no besykje om de wedstriid fan Starum fan de moandei nei de snein te ferpleatsen. Dan moat wol de hiele wedstriidkalinder oer de kop. En soe der dan ek romte komme foar in wedstriid op Langwar? Eric freget it oan de foarsitter fan de IFKS, Sicko Heldoorn.

    Op De Jouwer binne se bliid dat se der ôf binne, mar yn Balk binne se bliid dat se 'm ha. De nije rotonde makket dat it doarp in bulte minder lêst hat fan it ferkear. Ferslachjouwer Remco de Vries siket út hoe't dat krekt sit.

    De pakesizzer fan de man dy't yn de Twadde Wrâldoarloch as iennige de crash fan in Ingelsk fleantúch by Damwâld oerlibbe, is no yn Fryslân om it plak te besjen dêr't syn pake delkaam. It is net te finen. Pieter van der Bij wol dêr wat oan dwaan.

    Alde wetterskippers wolle wol oeren opjaan om de jongere kollega's oan it wurk te helpen. Is dat wol sa'n goed idee?

    ûnderwerpen ûnder foarbehâld

    16:05 - Pink - What About Us
    16:13 - Toto - Africa
    16:22 - Taylor Swift - Shake It Off
    16:40 - Years & Years - King
    16:48 - Vangrail - Libben Nei De Leafde
    17:06 - Ronde - Why Do You Care
    17:13 - Bangles - Eternal Flame
    17:23 - Wiebe & Elske Dewall - Make Me Yours (Frysk!)
    17:42 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
    17:50 - Peter Gabriel - Solsbury Hill
    17:57 - Aqua - Barbie Girl

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)