Weistra op wei fan 18 oktober 2016 16:00

    Hjoed yn Weistra op wei omtinken foar de Frankfurter Buchmesse. Dy set woansdei útein en stiet bekend as de grutste boekebeurs fan de wrâld. En dit jier is der ekstra omtinken foar Flaamske en Nederlânske literatuer. En fansels ek foar Fryske boeken. Reden foar ús om ris te hearren wat de Frankfurter Buchmesse foar Fryslân opsmite kin.

    Fierder hat filmmakker Ruben Smit nijs oer syn film oer it Waadgebiet. Hoewol't de film pas yn 2018 útkomme moat, is de earste trailer al publisearre. En dy smiet al in protte reaksjes op. Smit fertelt hjiroer by Weistra op wei.

    Ek kin der wer stimd wurde op it slotstik. It tema fan hjoed is stellerij, nei oanlieding fan de stellerij by reedrydster Renate Groenewold. Dieven namen al har gouden medaljes mei. De trije platen fan hjoed geane oer dieven en stellerij. De keuzes: 'Gypsies, Tramps en Thieves' - Cher, 'While you see a change, take it' - Steve Winwood of 'Bring it Back' - Moloko.

    Ernst Bruinsma fertelt oer de Frankfurter Buchmesse

    • Ernst Bruinsma fertelt oer de Frankfurter Buchmesse

    16:08 - Matia Bazar - Ti Sento
    16:19 - Ellie Goulding - Still Falling For You
    16:45 - Syb - Ik Sil Der Weze
    16:52 - Douwe Bob - Slow Down (Live, Heale Finale Esf 2016)
    17:08 - Vaya Con Dios - Nah Neh Nah
    17:16 - Weima & Van Der Werf - De Moarn
    17:37 - Robin Thicke (Ft. T.I. & Pharrell) - Blurred Lines
    17:47 - Dotan - Shadow Wind
    17:52 - Moloko - Sing It Back

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)