Weistra op wei fan 18 jannewaris 2017 16:00

Goed santich jier hat er foar de kust fan Skylge lein, by Peal 23: in âlde boei dy't bedoeld wie foar piloaten dy't delsketten waarden en yn dy boei oerlibje moasten. Frijwilligers fan de Stichting Bunkerbehoud op it eilân begjinne fan 'e middei mei it útgraven fan de boei. Hoe't dat ferrint, en wat se der mei wolle, dat hearre je yn Weistra op wei.

Dan smyt it nije parkearbelied yn Ljouwert in protte krityk op. Net allinnich moat der tenei ek op sneintemiddei parkearjild betelle wurde, ek binne de meiwurkers fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé hast al har ûntheffingen kwytrekke. Gefolch is dat dosinten fiif kear deis nei de auto drave moatte om har parkearskiif te fersetten -wat wetlik net iens mei. Learaar Ernst Buurma neamt de sitewaasje "belachelijk", ek al omt der neffens him yn de buert fan de skoalle eins hielendal gjin parkearoerlêst is.

Fierder fansels it lêste Fryske nijs, it waar en It Slotstik.

16:06 - Michael Sembello - Maniac
16:15 - Kensington - Sorry
16:24 - Blondie - Denis
16:43 - Bert Heerink - It Is Net Wis
16:51 - Jonas Blue (Ft. Dakota) - Fast Car


17:06 - Mark Ronson Ft. Amy Whinehouse - Valerie
17:14 - Wiebe - Flean Marianna, Flean
17:22 - Police - Don't Stand So Close To Me
17:39 - Monkees - Daydream Believer
17:46 - Alessia Cara - Scars To Your Beautiful
17:51 - Alexander Curly - I'll Never Drink Again
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)