Weistra op wei fan 17 febrewaris 2016 16:00

    Learlingen dy't yn in bepaald fak goed binne moatte dat fak op in heger nivo folgje kinne as de skoalle dêr't se op sitte. Mei dat plan komt steatssekretaris Dekker. Sa wurdt de bern maatwurk bean, mear fariaasje en dêrmei mear kânsen. Op OSG Singelland yn Drachten hanteare se dit systeem al in pear jier. It is dêr gjin grut súkses: de belangstelling falt ôf. Hoe't dat komt, fertelt Peter van Helmont fan Singelland.
    Dan is it moarn offisjeel sa fier: Google Translate yn it Frysk. Mei inisjatyfnimmer Anne Dykstra sjogge we foarút op dy dei, en ek nei alle publisiteit dy't dizze oersetmooglikheid hjoed generearret. Koartsein komt it der op del dat yn Fryslân de reaksjes oer it generaal posityf binne, bûten ús provinsje leit dat betiden frijwat oars...
    Dizze ûnderwerpen, mei it lêste Fryske nijs en fansels it Slotstik, yn Weistra op wei.

    16:08 - Katrina & The Waves - Walking On Sunshine
    16:15 - Justin Bieber - Love Yourself
    16:20 - Years & Years - King
    16:43 - Cajun Beano - Abe
    16:54 - James Brown - I Got You (I Feel Good)
    17:08 - Jamiroquai - Virtual Insanity
    17:15 - Dua Lipa - Be The One
    17:42 - Queen - Bicycle Race
    17:50 - Elske Dewall - Black Water
    17:54 - Cats - La Dilligence
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)