Weistra op wei fan 17 augustus 2015 16:00

    Yn Weistra op Wei hjoed in diskusje oer LED-lampen yn strjitferljochting. LED is goedkeap, duorsem en miljeufreonlik. Mar út in foto fan de stêd Milaan fanút de romte, docht bliken dat LED folle mear ljochtfersmoarging jout as it âlderwetske ljocht. Yn Weistra op Wei de miening fan Bart van der Scheer fan de gemeente Ljouwert en Gerben Bergstra fan de Fryske Miljeufederaasje.

    Moat der in ferbod komme op supertinne modellen op de catwalk? In mearderheid fan de Nederlânske befolking fynt fan wol. It CDA yn de Twadde Keamer fynt dat de oerheid ôfspraken makket mei de moade-yndustry. Yn Frankryk is dat al sa. Famkes meie net sa smel en licht wêze, dat it net sûn mear is. Yn Weistra op Wei prate wy mei Jen-ai Monsma, eigeneresse fan modelleburo Jamm-models yn Ljouwert. It programma Eén Vandaag jout moandei ek omtinken oan dit ûnderwerp.

    16:08 - Human League - Human
    16:15 - Jack Bottleneck - Shoulda' Known Better
    16:26 - Armand & The Kik - Snelle Jongens
    16:36 - Avicii - Hey Brother
    16:49 - Counting Crows & Blof - Holiday In Spain
    17:08 - Melanie C - Never Be The Same Again
    17:20 - Julia Zahra - Just An Illusion
    17:37 - Rihanna (Ft. Kanye West & Paul Mccartney) - Four Five Seconds
    17:47 - Sheppard - Geronimo
    17:51 - Piter Wilkens - Pake Syn Wein
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)