Weistra op wei fan 17 april 2015 16:00

Moatte jo útprosedearre asylsikers it lân útsette? Of kin dat samar net. Binne jo as oerheid dochs moreel, of sels wetlik, ferplichte om se in bêd, in bad en in brochje te jaan? Krisisberied yn Den Haach, oer de Bed-Bad-Brood diskusje, dêr't it kabinet mooglik oer falle sil. Want de stânpunten fan VVD en PvdA stean rjocht tsjinoer elkoar.
By Weistra op wei is Ellen de Bruin te gast, amtner fan de gemeente Ljouwert. Sy wie hjoed by it oerlis fan de VNG oer de fraach: Hoe moatte de gemeenten yn de deistige praktyk omgean mei dizze lestige problematyk.

Moarn is it International Record Store Day; plate- en cdwinkels dogge alle war om mear klanten te lûken. In protte platesaken hawwe de geast jûn yn de ôfrûne jierren. Mar tiden feroarje; finyl is hip ûnder de jeugd, se sjogge de wearde fan moaie platehoezen en begjinne wer te sneupen yn de platesaak. Harm Weistra praat mei Tamme Oosterhof fan platesaak Big Bad Wolf en Jeannette Sambrink fan Poortmusic.

En moarn is yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert de presintaasje fan it Frysk Lieteboek, krapoan twa jier neidat it nije Lieteboek foar de Protestantske tsjerke yn it Nederlânsk útkaam is. Fyftjin frijwilligers hawwe yn de ôfrûne twa jier, op útnoeging fan de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst, dwaande west mei de Fryske oersettings fan 80 lieten. Mar in tsiental auteurs fan de Nederlânske tsjerkelieten is it net iens mei de Fryske bewurking dy't der fan harren liet makke is. Yn Weistra op wei juridysk adviseur fan de lilke auteurs, Gerben de Vries.

16:06 - Van Wieren - Vandaag
16:18 - Griet Wiersma - Genietsje Fan Disse Dei
16:26 - Madness - My Girl
16:39 - Gotye (Ft Kimbra) - Somebody That I Used To Know
16:51 - Joe Jackson - Steppin' Out
17:11 - Avicii & Robbie Williams - The Days
17:19 - Juanes - La Camisa Negra
17:36 - Alison Moyet - Love Resurrection
17:48 - Racoon - Oceaan
17:50 - Earth & Fire - Weekend
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)