Weistra op wei fan 16 maart 2017 16:00

    It is de grutste ferkiezingsnederlaach dy't de PvdA oait meimakke: fan 38 keamersitten yn 2012 nei net mear as njoggen no. Massaal kearden de kiezers de partij de rêch ta, ek yn reade bolwurken as Ljouwert en It Hearrenfean stelt de demokrasy net it measte mear foar. Yn Weistra op wei in petear mei Joop van den Berg, partijbaron en âld-lid fan de Twadde Keamer. Wêr is it neffens him misgien? En hoe moat it no fierder?

    Bouwe Tanja fan Wommels is hast 70, mar hat noch mar krekt syn swimdiploma. Froeger kaam it der net fan ("mei myn sechde moast ik al ûnder de kij") mar doe't Tanja in boat kocht moast it dochs mar wêze. It hat dik fiif jier duorre, de swimlessen, mar no hat er A, B en C! Yn Weistra op wei syn ferhaal.

    Yn it nijs de stimmetellerij yn Stiens, en it konflikt tusken projektûntwikkeler Wopke Klaver en de gemeente Harns.

    16:05 - Owen Paul - My Favourite Waste Of Time
    16:13 - Niall Horan - This Town
    16:24 - Bob Seger & The Silver Bullet Band - Still The Same
    16:40 - Brandewyn - Judith
    16:53 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)


    17:06 - Killers - Human
    17:18 - Twarres - Won't Let Go
    17:38 - Spencer Davis Group - I'm A Man
    17:43 - Sia Ft. Kendrick Lamar - The Greatest
    17:50 - Kim Wilde - Chequered Love
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)