Weistra op wei fan 16 febrewaris 2017 16:00

    Enerzjybedriuw ENGIE sil net mear nei gas boarje by Skiermûntseach, de banken lûke har stipe oan winningsprojekten yn de Waadsee yn, en minister Kamp wol gjin gasboarringen mear yn it Waadgebiet. "It is in maatskiplik kantelpunt", sei Arjen Berkhuysen fan de Waadferiening juster yn Weistra op wei. Hjoed is deputearre Michiel Schrier (SP) te gast yn it programma. Sjocht hy dit ek sa? En sil dit dé kâns foar duorsume enerzjy wêze?

    Wat is de wierheid, en wat net? Wat is in feit, en wat is in "alternative fact"? It binne aktuele tema's hjoed-de-dei, en twa Ljouwerter studinten oan de Popakademy ha der in útstalling oer makke, Breedbeeld titele. Wytse Dykstra en Daan Bandringa fertelle der fan 'e middei oer.

    Boeretsiis is hjoed op de list fan Immaterieel Erfgoed kommen. Dêr stienen saken as reedride op natueriis en it Rotterdamse simmerkarnaval al op. Mar wat levert soks no eins op? Dat freegje we fannemiddei oan tsiisbuorkerij De Gelder yn de Tynje.

    Fierder fansels it lêste Fryske nijs, waar en ferkear, en der kin wer stimd wurde op It Slotstik.

    16:04 - Julien Clerc - Helene
    16:14 - Weeknd Ft. Daft Punk - I Feel It Coming
    16:22 - Emotions - Best Of My Love
    16:37 - Frerik De Swetser - Ideryn Wurdt Bekend (Radio Edit)
    16:46 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
    16:54 - Incognito - Don't You Worry 'bout A Thing
    17:04 - Magic - Rude
    17:12 - Senna Black - The Breeze
    17:20 - O.M.D. - Enola Gay
    17:24 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
    17:35 - Marcel Smit - Omstekeard
    17:43 - Beatles - Eleanor Rigby
    17:46 - Pink - Just Like Fire
    17:51 - Cliff Richard & The Young Ones - Living Doll
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)