Weistra op wei fan 16 febrewaris 2016 16:00

Yn Weistra op wei omtinken foar in bunker yn Rotstergaast dy't ûnderdak biede moat oan sweltsjes en flearmûzen tagelyk, in saneamde 'kombinaasje-bunker'. En in Harnzer reisburo organisearret in 'air-cruise' nei Afrika. Yn in lúkse fleantúch fleane je dan by ferskate Afrikaanske lannen del.

Hoe stiet de takomst fan it fierljeppen der foar? De fierljepferiening fan De Jouwer docht dit jier net mei oan de kompetysje omdat de akkommodaasje net mear foldocht. We prate mei de foarsitter fan it Ljeppersbûn, Jouke Jansma.

De Lada komt werom! Yn Ruslân wurdt wurke oan in skjinnere fariant fan it bekende Eastblok-autoke, dy't oer ien of twa jier hjir te keap wêze sil. Goed nijs foar offisjele Lada-dealer Miedema fan Tsjummearum. Mar in Drints autobedriuw besiket de auto no al fia Dútslân hjirhinne te krijen.

16:08 - Steve Miller Band - Abracadabra
16:15 - Matt Simons - Catch And Release
16:41 - Bricquebec - Dyn Stapke
16:50 - Kygo (Ft. Ella Henderson) - Here For You
16:56 - Beatles - Drive My Car
17:09 - Madonna - Vogue
17:22 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
17:41 - Sailor - Traffic Jam
17:53 - Beatles - Lucy In The Sky With Diamonds
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)