Weistra op wei fan 15 maart 2017 16:00

Ek yn Weistra op wei fansels omtinken foar de ferkiezings: ferslachjouwer Andries Bakker is yn Dokkum, dêr't net allinnich foar de Twadde Keamer stimd wurdt, mar dêr't ek keazen wurde kin út de trije nammen foar de nije fusygemeente. Yntusken hie in lid fan it stimburo yn Wikel wat nuveraardichs by de ein: Catrinus van Dijk helle tusken de bedriuwen troch noch even twa skiep út de sleat. Yn Weistra op wei syn ferhaal.

Yn it programma ek in petear mei Jan Ykema oer de takomst fan it reedriden. Jûn is yn de Elfstedenhal yn Ljouwert "de snelste schaatsshow ter wereld", en dat is tagelyk in poging om jongeren waarm te krijen foar it reedriden. De fergrizing slacht ta yn dizze sport, en as de jeuchd al op izers wol, dan is it heechút shorttrack dat de belangstelling lûkt. Hoe wol Jan Ykema dizze trend keare?

Fierder omtinken foar de sluting fan it romrofte sealesintrum Tivoli yn Huzum/Ljouwert, en hinneboer Hans Hazeberg yn Abbegea hat wer plomfee, nei't yn desimber 60.000 hinnen romme wurde moasten fanwege fûgelgryp.

Dat, mei It Slotstik en it waar, yn Weistra op wei.

16:07 - Feargal Sharkey - A Good Heart
16:15 - Weeknd Ft. Daft Punk - I Feel It Coming
16:25 - Tom Jones - It's Not Unusual
16:42 - Sytse Haima - Ik Wol Witte
16:51 - Twenty One Pilots - Stressed Out
17:09 - Gavin Degraw - Chariot
17:17 - Jos Harteveld - Maaike
17:39 - Jp Cooper - September Song
17:49 - Leo Sayer - More Than I Can Say
17:54 - Dizzy Mans Band - Turkey Turkey
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)