Weistra op wei fan 15 maaie 2017 16:00

Hieltyd faker wurdt yn natuergebieten ôffal dumpt. It giet dan om fan alles: fan asbesthâldend pún oant en mei drugsôffal. De amtners dy't dêr in eachje op hâlde moatte binne mei fierstente min, sa seit belange-organisaasje Koninklijke Nederlandse Vereniging voor Natuurtoezicht. Yn Weistra op wei in gesprek mei Ronald Voorenhout fan dy feriening. Der moatte mear tasichthâlders komme, fynt hy, en dy moatte boppedat bewapene wurde.

Ferslachjouwer René Koster is by twa projekten dy't nomineard binne foar in belangrike duorsumenspriis, in projekt mei elektryske auto's op Skylge en ien mei sinnepanielen op ierappelskuorren yn Slappeterp.

Fierder in gesprek mei in Fryske Feyenoord-fan dy't de festiviteiten yn Rotterdam hjoed meimakke, en fansels it lêste Fryske nijs, it waar, en der kin wer stimd wurde op It Slotstik.

16:06 - Phil Collins & Philip Bailey - Easy Lover
16:16 - Harry Styles - Sign Of The Times
16:43 - Swartbunt - It Sil Stoarmje
16:53 - Right Said Fred - I'm Too Sexy
17:09 - Duffy - Mercy
17:18 - Xander De Buisonje - Hald My Fest (Music Night 2007)
17:38 - Jimi Hendrix Experience - All Along The Watchtower
17:46 - Enrique Iglesias - Subeme La Radio
17:49 - James Brown - Living In America
17:53 - Nash Crosby, Stills & Young - Teach Your Children
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)