Weistra op wei fan 15 febrewaris 2017 16:00

No't de gasboarringen by Skiermûntseach net trochgean, is it tiid om foar itselde te soargjen op oare plakken yn it Waadgebiet. Dat seit de Waadferiening, Arjen Berkhuysen is te gast yn Weistra op wei. Mar hoe realistysk is dat eins?

De temperatueren gean wer rjochting de dûbele sifers, en dat betsjut dat in protte bisten út de wintersliep komme. De trek fan kaamsalamanders nei it wetter makket dat frijwiligers har wer ynspanne om it oerstekken fan de diken sa feilich mooglik ferrinne te litten, dêroer in reportaazje. De gemeente De Fryske Marren hoecht gjin nije wenningen foar statushâlders mear te bouwen. Der is foarich jier foldwaande boud, en de ynstream fan flechtlingen is sterk weromrûn.

Ferslachjouwer Remco de Vries giet op syk nei de earste sinjalen fan de maaitiid, der kin wer stimd wurde op It Slotstik, en we prate mei Dette Glashouwer fan teaterselskip Suver Nuver oer de foarstelling Casino Royale.

De presintaasje is hjoed yn hannen fan Eric Ennema.

16:05 - Aretha Franklin - Think
16:12 - Ed Sheeran - Shape Of You
16:21 - Elvin Bishop & Mickey Thomas - Fooled Around And Fell In Love
16:39 - Bricquebec - Liuwe
16:48 - Ronde - Why Do You Care
17:06 - Gnarls Barkley - Crazy
17:14 - Wiebe - Sjoch It Ljocht
17:23 - Matt Bianco - Whose Side Are You On
17:36 - Tom Jones - It's Not Unusual
17:44 - James Arthur - Say You Won't Let Go
17:51 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
17:55 - Andy Williams - Music To Watch Girls Go By

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)