Weistra op wei fan 15 febrewaris 2016 16:00

* De gemeente Ljouwerteradiel moat de fergunningsoanfraach foar spoarfytsen tusken Jelsum en Stiens yn behanneling nimme. Dat stelde de stichting Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij hjoed by de bestjoersrjochter yn Grins.

* De KNVB achtet matchfixing yn de Nederlânske earedifyzje bewiisd. Wy prate mei Willem Feenstra fan Drylts, sjoernalist by de Volkskrante. Hy is ien fan de sjoernalisten dy't it ûndersyk nei matchfixing yn Nederlân oanfitere hat.

* Ferslachjouwer René Koster is by Boot Holland yn it WTC yn Ljouwert.

* De winkel fan V&D yn Ljouwert bliuwt hjoed en moarn ticht. Ek de oare fêstigings fan de winkel hâlde de doarren dizze beide dagen sletten. Dat hawwe de kuratoaren fan 'e moarn melden.

* Hjoed wurdt frou Van der Laan yn it sintsje set troch de EHBO-feriening yn Noardwâlde. De 85-jierrige Van der Laan is nammentlik 60 jier frijwilliger by de EHBO-feriening.

16:09 - Cher - If I Could Turn Back Time
16:17 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)
16:40 - Piter Wilkens - Knoopkes
16:51 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
17:12 - Wet Wet Wet - Love Is All Around
17:20 - Justin Bieber - Sorry
17:39 - Harpo - Moviestar
17:48 - Agnes Sambrink - Loosen The Reins
17:53 - Tina Turner - Private Dancer
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)