Weistra op wei fan 14 july 2017 16:00

    It kin sa wêze dat Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach nét troch in misdriuw om it libben kaam is. Dat seit de plysje, nei oanlieding fan de seksje dy't yntusken dien is op it lichem. Harm Weistra praat mei plysje-wurdfierder Anne van der Meer hjiroer.

    Nei 101 jier is der hjoed in ein kaam oan de ruilferkaveling yn Fryslân. Fan 'e middei is it lêste projekt Baarderadeel feestlik ôfsletten yn Jorwert. Yn de ôfrûne hûndert jier binne der 52 grutskalige ruilferkavelingsprojekten útfierd yn de provinsje mei in opperflakte fan 277.000 hektare. Foarsitter Gjalt Stenekes fan de ruilferkavelingskommisje oer de ôfrûne ieu en it belang fan de ruilferkaveling.

    Sa'n 35 inisjatyfnimmers dogge fan 'e middei op de Boerestreek yn Appelskea harren bêst om jild binnen te heljen út it Fûns Eaststellingwerf. En dêr moat foar wurke wurde, want der is foar mear as acht ton oanfrege, wylst der 3 ton yn de pot sit. En de boargers beslisse. Want elke ynwenner fan 14 jier en âlder yn de gemeente kin in stim útbringe op in idee. Foar ús is op de Boerestreek is ferslachjouwer Remco de Vries.

    It tal slachtoffers fan de legionella-baktearje giet omheech. Dat docht bliken út sifers fan it RIVM (Rijksinstitút foar Folkssûnens en Miljeu). Oarsaak is it waarmere waar dat we hieltyd krije. En dêrtroch kin de baktearje him flugger ferspriede fia bygelyks de túnslang en liedingen. Foarich jier ha yn Nederlân 324 minsken legionalle oprûn. In jier earder wiene dat der 273 en yn 2014 noch mar 214. We ha Simon in 't Veld fan Vitens oan de tillefoan. Dat bedriuw wit fansels alles fan wetter.

    16:05 - Womack & Womack - Teardrops
    16:14 - Luis Fonsi Ft. Daddy Yankee - Despacito
    16:23 - Kc & The Sunshineband - That's The Way I Like It
    16:36 - Piter Wilkens - De Kening Fan De Greide
    16:45 - Lilly Wood & The Prick - Prayer In C
    16:51 - Inner Cirlce - Sweat (A La La La Long)
    17:05 - Alexis Jordan - Happiness
    17:14 - Gaatze Bosma - Koe Ik Noch Mar Even
    17:24 - Rag'n Bone Man - Skin
    17:37 - Martha Reeves & The Vandellas - Dancing In The Street
    17:48 - Clean Bandit - Rockabye
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)