Weistra op wei fan 14 desimber 2017 16:00

Trekkers dy't hurder kinne as 40 km moatte tenei fersjoen wurde fan in kentekenplaat. Ek moatte se geregeld in apk-keuring ûndergean. Nederlân is it iennichste lân yn Europa dêr't trekkers noch sûnder sa'n kentekenplaat de dyk opmeie, en dat kin eins net mear. Dat fynt no ek lânbou-organisaasje LTO. Yn Weistra op Wei in petear mei Jacob Bartels fan de LTO. Werom hat dit eins sa lang duorre?

Yn de Ljouwerter Prinsetún is fannemiddei in saneamde "Eat en Greet" mei allerhanne lokale produkten, ferslachjouwer Willem de Vries prikt in foarkje mei en heart drekt ek even wat de idee achter dit barren is.

Ek yn Weistra op Wei omtinken foar in bysûnder Alvestêde-evenemint, en yn it nijs it lêste oer de deadlike stekpartij, hjoed yn Snits.

16:06 - Wulf - Mind Made Up
16:13 - Andy Williams - It's The Most Wonderful Time Of The Year
16:21 - Avicii - Wake Me Up
16:37 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
16:45 - Vangrail - Libben Nei De Leafde
16:52 - Santana Ft. Rob Thomas - Smooth
17:07 - Lost Frequencies Ft. Janieck Devy - Reality
17:14 - Ashford & Simpson - Solid
17:39 - 98 Degrees - Let Is Snow!
17:47 - Abba - Take A Chance On Me
17:53 - R.E.M. - Shiny Happy People
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)