Weistra op wei fan 14 augustus 2015 16:00

    De Fryske radio sa't wy dy allegearre kinne, kin wol ferdwine. Koarte útstjoerings fia in lanlik programma, dat is moai genôch foar al dy regionale omroppen. Dat is yn koarte halen it adfys fan de Raad voor Cultuur oan steatssekretaris Sander Dekker. Yn Weistra op Wei jout de foarsitter fan dy Raad, Joop Daalmeijer, in taljochting. Dan krije de bern op de beide basisskoallen fan Wommels muzykles. It giet hjir om in partikulier inisjatyf, mar frijbliuwend is it bepaald net! Fierder yn it programma omtinken foar in flearmûze-ekskursy yn Huzum, we binne wer op kamping De Holle Poarte yn Makkum, en it muzikale slotstik giet hjoed oer de ein fan de simmerfakânsje.

    16:12 - Beand & Skep - Moai Waar
    16:19 - Sonny & Cher - I Got You Babe
    16:38 - Anouk - Places To Go
    16:51 - Iris Kroes - Thus
    17:08 - Anastacia - I'm Outta Love
    17:15 - Ariana Grande - One Last Time
    17:35 - Bruce Springsteen - Two Hearts
    17:44 - Gurbe Douwstra - As It Myn Tiid Is
    17:52 - Gerard Cox - 't Is Weer Voorbij Die Mooie Zomer
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)