Weistra op wei fan 14 april 2015 16:00

Folop diskusje justerjûn op It Hearrenfean, dêr't praat waard oer de plannen foar in eventueel asylsikerssintrum. Wy prate der oer fierder mei boargemaster Tjeerd van der Zwan en Pieter van der Mark fan D66.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer skoot oan om te fertellen oer de grutte fleanoefening Frisian Flag op de fleanbasis fan Ljouwert. En ferslachjouwer Dirk Baron wie yn Menaam, dêr't woansdei it monumint ûntbleate wurdt foar Rimmelt de Jong. Mar op it monumint stiet de ferkearde namme. Dirk leit út wat der krekt mis gong.

De âldste pleats fan Fryslân stiet yn Reahûs. Dat docht bliken út ûndersyk fan Paul Borghaerts út Easterein. Hy is fan 'e middei by ús yn de studio en fertelt oer dizze opmerklike fynst.

Diskusje oer in AZC op It Hearrenfean

Ferslachjouwer Gerrit de Boer oer Frisian Flag

It monumint foar Rimmelt de Jong yn Menaam

Undersiker Paul Borghaerts oer de fynst fan de âldste pleats

16:09 - Maroon 5 - Sugar
16:19 - Femke & Sanne - Emosjoneel Fan Dy (Fryske Music Night 2012 Live)
16:41 - Jelle B - Mooi
16:51 - Bee Gees - This Is Where I Came In
17:10 - Of Monsters And Men - Little Talks
17:19 - Van Wieren - Vandaag
17:36 - O.M.D. - Forever Live And Die
17:45 - Ed Sheeran - Sing
17:49 - Kool & The Gang - Let's Go Dancin' (Ooh La La)
17:53 - Sam Brown - Stop (Single Version)
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)