Weistra op wei fan 13 novimber 2015 16:00

* It dancefestival Psy-Fi komt takom jier net werom nei Ljouwert. De gemeente hat okkerdeis strangere regels oankundige, en dêr kin de festivalorganisaasje him net yn fine. Op guon nachten moat de muzyk om alve oere al sachter set wurde. "Dan begint het voor ons net" seit Rob Durant fan de organisaasje. Durant is aanst yn Weistra op wei.

* De flechtlingen dy't de ôfrûne dagen protestearre ha tsjin de ûndúdlikens oer harren sitewaasje en de omstannichheden yn it WTC binne teloarsteld oer it petear dat se freedtemoarn hân hawwe mei it IND, de Immigratie en NaturalisatieDienst. De IND hat yn de hal west om mei de groep te praten, mar koe harren net mear dúdlikheid jaan. Fan 'e middei mear yn Weistra op wei.

* De ING yn Ljouwert kiest foar fêst personiel. Is dit de nije trend no't de ekomomy wer wat oanlûkt? Yn Weistra op wei adjunkt-direkteur Akke Groenewoud fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW hjiroer.

* En iistimpel Thialf op It Hearrenfean is wer iepen foar reedriders. Freed is de oplevering en binne der de earste streken fan Rintje Ritsma, Falko Zandstra en Jan Ykema. Ferslachjouwer Gerrit de Boer is derby. Hy fertelt wat njoggen moanne bouwen oant no ta opsmiten hat.

Akke Groenewoud fan VNO-NCW

Ferslachjouwer René Koster by de poldermûne yn Tsjerkwert

Ferslachjouwer René Koster by mûne De Onderneming yn Wytmarsum

16:08 - Vitesse - Rosalyn
16:16 - Shawn Mendes - Stitches
16:24 - Easybeats - Friday On My Mind
16:41 - Bricquebec - Dyn Stapke
16:51 - Mark Ronson (Ft. Bruno Mars) - Uptown Funk
17:09 - Acda En De Munnik - De Kapitein Deel Ii
17:17 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
17:39 - 10 Cc - Dreadlock Holiday
17:48 - Whitney Houston & Enrique Iglesias - Could I Have This Kiss Forever
17:52 - Ancora - Vrij Als De Wind

Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)