Weistra op wei fan 13 maaie 2016 16:00

De tiid fan de iepenloftspullen stiet wer foar de doar. Se binne populêr: tsientûzenen besikers komme der op ôf. Mar likegoed kin it better: der sit oer it generaal net in soad gearhing yn de foarstellingen: alle organisaasjes planne de iepenloftspullen allegear yn deselde perioade. Keunstwurk wol dêr wat oan dwaan, want neffens direkteur Douwe Zeldenrust binne se net allinnich kultureel erfgoed mar ek as it giet om fernijing fan grutte betsjutting. Zeldenrust is te gast yn Weistra op wei.
We prate ek wer mei in eksamenkandidaat, hjoed is dat Sevenwolden-learling Gemma Bandell fan Mildaam, sy hat fan 'e middei VWO skiekunde dien. Fierder fêste gast op freed advokaat Bart Canoy en it "oare" nijs fan De Bûtenpost troch Bart Kingma. Dat, mei it lêste Fryske nijs en it Slotstik, diskear oer flinters, yn Weistra op wei.

16:08 - Eddy Grant - Gimme Hope Jo'anna
16:18 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
16:42 - Folkert-Hans - Cha Cha Cha
16:47 - Mark Ronson (Ft. Bruno Mars) - Uptown Funk
17:09 - Meja - All 'bout The Money
17:18 - Douwe Bob - Slow Down Live (Heale Finale Esf 2016)
17:37 - Supertramp - The Logical Song
17:47 - Adri De Boer - De Stambeam
17:55 - Boudewijn De Groot - Verdronken Vlinder

Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)