Weistra op wei fan 13 july 2017 16:00

    Je hoege gjin fuotballeafhawwer te wêzen om stil te wurden fan wat Ajax-spiler Abdelhak Nouri oerkaam is. Wilens in oefenduel sneon sakke de fuotballer op it fjild yn mekoar, hartritmeproblemen wienen de oarsaak, en as gefolch dêrfan hat de Ajaxied no bliuwend harsenletsel. Yn Weistra op wei in petear mei Michael Kuiper, neurolooch yn it MCL en earder lid fan it medysk team dat Prins Friso nei syn ûngelok behannele.

    Op je fjirde je swimdiploma C helje? Alissa Jaarsma út Aldemardum die it. Sterker noch: yn trijekwart jier helle se al har diploma's, wylst de measte bern pas letter begjinne mei swimles. Mem Tiny fertelt oer dizze opmerklike prestaasje.

    Op inisjatyf fan dochter Susanne krijt de foarich jier ferstoarne Wiebe Postma hjoed in steiger en in bankje op de Nije Krúspôle, oan De Fluezen. Postma wie jierrenlang in tige wurdearre frijwilliger fan De Marrekrite. Ferslachjouwer Willem de Vries is by dit bysûndere momint.

    Dat, mei de fêste saken, yn Weistra op wei.

    16:05 - Tom Jones & The Art Of Noise - Kiss
    16:13 - Lucas & Steve - Up Till Dawn
    16:22 - Leo Sayer - Thunder In My Heart
    16:36 - Groove Department - Nije Dei
    16:46 - Shawn Mendes - Treat You Better
    16:50 - Alannah Myles - Black Velvet
    17:06 - Sophie Ellis-Bextor - Murder On The Dancefloor
    17:13 - Folkert-Hans - Simmerjun
    17:25 - Anne-Marie - Ciao Adios
    17:37 - Monkees - I'm A Believer
    17:44 - Justin Bieber - What Do You Mean
    17:47 - Boys Town Gang - Signed, Sealed Delivered (I`M Yours)
    17:54 - Animals - House Of The Rising Sun

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)