Weistra op wei fan 13 jannewaris 2017 16:00

    It kabinet stelt in bedrach fan 100 miljoen beskikber foar de ferpleechhûssoarch. Dat liket in soad, mar it is fierstente min. Dat seit Rikus Sinnema, bestjoerder by soarchgroep Idesta yn Grou. Boppedat freget hy him ôf oft der ek jild komt foar de saneamde "ekstra-murale" soarch, dêr't Idesta yn spesjalisearre is. Sinnema is fan 'e middei te gast yn Weistra op wei.

    De Fryske PvdA hâldt fan 'e middei yn Ljouwert syn nijjiersbyienkomst. It is gjin geheim dat it net goed giet mei dizze partij: yn de peilingen stean se op swier ferlies. Ferslachjouwer Onno Falkena peilt de stimming ûnder de sosjaal-demokraten. En werom stiet de heechste Fries op de kandidatelist pas op it tweintichste plak?

    Fierder yn Weistra op wei de wyklikse juridyske bydrage fan advokaat Bart Canoy, we bringe it lêste Fryske nijs, en der kin wer stimd wurde op It Slotstik.

    16:05 - Powerplay - Make It Alone
    16:15 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
    16:36 - Grytz & Grize - Sei Age
    16:45 - Sheppard - Geronimo
    16:52 - Keane - Somewhere Only We Know
    17:05 - Kt Tunstall - Suddenly I See
    17:12 - Twarres - Won't Let Go
    17:24 - Tracy Chapman - Baby Can I Hold You
    17:37 - Beatles - Can't Buy Me Love
    17:41 - Echosmith - Cool Kids
    17:52 - Talking Heads - Psycho Killer
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)