Weistra op wei fan 13 april 2018 16:00

"Drank maakt meer kapot dan je lief is". Dizze âlde siswize blykt wer aktueel te wêzen. It Britske medyske tiidskrift The Lancet skriuwt hjoed dat ien glês alkohol deis it maksimum is foar minsken dy't sûn bliuwe wolle, en eins is hielendal net drinke it alderbêste. Yn Weistra op Wei in petear mei ferslavingsarts Robert van der Graaf. Werom advisearje oare lannen eins folle minder strengere regels?

Martine út Dolsterhuzen wie ferslein. Se wie har ferlovingsring kwytrekke, erges yn it wetter fan de Tsjûkemar. Grut wie har bliidskip dan ek doe't dûkers fan Verlorengevonden.nl út Spijkenisse de ring wer fûnen. Mar werom die dat dûker Martin van Hees eins minstens safolle?

Mei fêste gast op freed, de Ljouwert adfokaat Bart Canoy, sille we it ha oer de betrouberens fan tsjûgen by in proses.

Dat, mei it lêste Fryske nijs, muzyk en waar, yn Weistra op Wei

16:05 - Blof & Geike Arnaert - Zoutelande
16:15 - Red Hot Chili Peppers - Scar Tissue
16:23 - All Saints - Pure Shores
16:37 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
16:41 - Riddim_X - Ik Tink Oan Dy
16:51 - Heart - Alone
17:07 - Years & Years - King
17:15 - Queen - The Miracle
17:23 - Days To Imagine - Heechspanning
17:35 - Camila Cabello Ft. Young Thug - Havana
17:44 - Beatles - Hello Goodbye
17:50 - Coldplay - Clocks
17:56 - Sniff 'n' The Tears - Driver's Seat
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)