Weistra op wei fan 13 april 2017 16:00

    It wie in opmerklike foto dy't oarlochskorrespondint Hans Jaap Melissen twittere: yn de Iraakske stêd Mosul stiet in frachtwein fan de Ljouwerter firma Wiersma foar it treinstasjon. Hoe komt dy frachtwein dêr? Yn Weistra op wei it ferhaal fan de - yntusken folslein fernielde - Ljouwerter truck.

    It giet net goed mei de ynboargering. Dat sizze taaldosinten. De eksamens binne te dreech, ûnpraktysk, en wa't it net hellet krijt in foarse boete. Yn Weistra op wei in gesprek mei Jocco Eijssen fan it Friesland College, in ROC dat op seis plakken yn Fryslân ynboargeringskursussen oanbiedt.

    Fierder fansels omtinken foar The Passion, de lêste tariedingen foar it TV-spektakel dat jûn yn Ljouwert hâlden wurdt, en It Slotstik.

    16:06 - Ub40 - Sing Our Own Song
    16:14 - Ed Sheeran - Shape Of You
    16:22 - Billy Joel - She's Always A Woman
    16:38 - Equal Souls - Lit My Frij (Album Fersy)
    16:46 - Sia Ft. Kendrick Lamar - The Greatest
    16:54 - Crash Test Dummies - Mmm Mmm Mmm Mmm
    17:08 - Sophie Ellis-Bextor - Murder On The Dancefloor
    17:20 - Police - Spirits In The Material World
    17:40 - Diana Ross - Baby Love
    17:47 - Imagine Dragons - Believer
    17:52 - Clouseau - Passie
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)