Weistra op wei fan 13 april 2015 16:00

Hjoed is de start fan de wike fan de tyk. Al jierren binne de mieningen oer de earnst fan de sykte ferdield binnen de sûnenssoarch. Mar foaral de lêste jierren binne der positive ûntwikkelingen. Der wurdt bygelyks wurke oan in Nederlânsk lyme behannel- ekspertizesintrum. Fan 'e middei oandacht yn Weistra op wei foar de ôftraap. Der komt in spot fan in heale minút beskikber, dy't troch safolle mooglik minsken dield wurde moat.

En moat in spesjale databank foar topfroulju no wol of net trochgean? Minister Jet Bussemaker hat de Keamer hjoed witte litten dat se fierder giet mei it inisjatyf, dat se docht yn gearwurking mei wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. Mar seleksje- en advysburo's ha hielendal gjin belangstelling by dizze databank. Se fine dat se dit sels goed dwaan kinne en dat de oerheid hjir gjin taak yn hat. In diskúsje fan 'e middei tusken VNO-NCW en advys- en seleksjeburo Beljon en Westerterp.

Yn de agindatip akteur Pierre Bokma. Hy spilet moarntejûn ien fan de beide haadrollen yn it stik 'Een pure formaliteit' fan it muzykteater selskip Orkater. De foarstelling is moarn te sjen yn de Lawei yn Drachten.

16:09 - Meghan Trainor - All About That Bass
16:18 - Twarres - De Juste Snaar
16:38 - Griet Wiersma - Genietsje Fan Disse Dei
16:49 - Clean Bandit Feat. Jess Glynne - Rather Be
17:07 - Ricky Martin & Meja - Private Emotion
17:17 - Diff - Jealousy
17:25 - Skik - 't Giet Zoas 't Giet
17:37 - Swing Out Sister - Breakout
17:47 - Dotan - Fall
17:51 - Shania Twain - Man! I Feel Like A Woman!
Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)