Weistra op wei fan 12 oktober 2017 16:00

Nei 44 jier komt der in ein oan de rotonde fan De Jouwer. Moarn kinne de auto's foar it lêst it rûntsje ride, Fly-overs nimme de rotonde oer, en dat is mar goed ek, "De Jouwer" wie jierrenlang toaniel fan ûngelokken en files. Piet Dijkshoorn wurke by Rykswettersteat en wie projektmanager ffan de rotonde. Mei him sjogge we werom, èn foarút. Wurdt alles no better foar it ferkear?

Dolf Jansen spilet op dit stuit try-outs fan syn Aldjiersfoarstelling mei Louise Korthals. Dat die er justerjûn yn Ljouwert, en fannejûn yn Drachten. Hoe't dat giet, en werom't er dat krekt yn Fryslân docht, hearre we fan him yn Weistra op wei.

Ferslachjouwer Willem de Vries is by in masterclass oer ICT, ien fan ûnderwerpen dêr is hacken en privacy, en fierder fansels it lêste Fryske nijs, waar en ferkear. En der kin wer stimd wurde op It Slotstik!

16:06 - Calvin Harris - Feels
16:13 - Aretha Franklin - Think
16:22 - Reamonn - Supergirl
16:37 - Chef Special - Try Again
16:45 - Eddy Dykstra - Efkes Werom
16:54 - Cranberries - Ode To My Family
17:07 - Rita Ora - Your Song
17:15 - Billy Joel - You're Only Human
17:25 - Syb Van Der Ploeg & Piter Wilkens - Leven Van De Wind
17:38 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
17:47 - Blind Melon - No Rain
17:55 - Buggles - Video Killed The Radio Star
Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)