Weistra op wei fan 12 maaie 2017 16:00

Underwiis yn it Frysk is in minskerjocht, en de ûntheffing foar Frysk ûnderwiis dy't de provinsje oan guon skoallen jout, is dan ek net rjochtmjittich. Dat stiet yn in beswierskrift fan de boargeraksjegroep Sis Tsiis. Yn Weistra op wei jout wurdfierder Friduwih Riemersma in taljochting. Driuwt de aksjegroep it net wat op 'e spits?

It giet wer goed mei it Dokkumer sikehûs Sionsberg, en dat is mei te tankjen oan de aksjegroep Red de Sionsberg. Fan 'e middei is yn Peazens in reüny fan de groep, en ferslachjouwer René Koster is derby.

De Ljouwerter advokaat Bart Canoy sil it fan 'e middei ha oer it trochknippen fan inkelbannen. Hieltyd faker komt it foar dat feroardielde kriminelen sa'n elektroanysk húsarrest ferniele en ôfdogge, en dêrmei it risiko fan ekstra straf op 'e keap tanimme.

Fierder yn Weistra op wei it lêste Fryske nijs, it waar, en der kin wer stimd wurde op trije platen yn It Slotstik.

16:05 - Irene Cara - Flashdance, What A Feeling
16:14 - Luis Fonsi Ft. Daddy Yankee - Despacito
16:23 - Tina Charles - I Love To Love
16:39 - Die Twa - Stapel Op Dy
16:43 - Lp - Lost On You
16:55 - Tom Jones - If I Only Knew
17:06 - Alain Clark - Blow Me Away
17:12 - Elske Dewall - Heb Het Leven Lief
17:22 - Santana - Hold On
17:37 - Monkees - Last Train To Clarksville
17:47 - Weeknd Ft. Daft Punk - I Feel It Coming
17:53 - Cars - Drive
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)