Weistra op wei fan 12 maaie 2016 16:00

Jierrenlang wie de Ljouwerter kermis, de merke dus, ien dy't simmerdeis hâlden waard. Dêr wurdt dit jier foar it earst fan ôfwykt, de merke is no fan 18 oktober oant 6 novimber. Dat stekt Nico Troost, kermisklant fan berop, en skoftenlang mei-organisator fan dyselde Ljouwerter merke. Hy set grutte fraachtekens by in hjerst-merk, mei (nei alle gedachten) min waar en jûns lege temperatueren. Troost is fan 'e middei te gast yn Weistra op wei.
Dan binne hjoed de skoaleksamens wer begûn, tûzenen skoalbern en har húshâldens sitte betiden djip yn 'e stress. Alle dagen hearre we fan in learling hoe't syn of har eksamen gien is. Hjoed wurdt de spits ôfbiten troch Sil van Dijk, learling op it Dockinga Kolleezje yn Dokkum. Hy hat dan krekt it fak Nederlânsk dien.
Fierder fansels it Slotstik en it alderlêste nijs út Fryslân.

16:08 - Level 42 - Lessons In Love
16:18 - James Bay - Best Fake Smile
16:40 - Piter Wilkens - Simmerwrald
16:50 - Stromae - Tous Les Memes
17:09 - Ten Sharp - You
17:18 - Coldplay - Everglow
17:23 - Easybeats - Friday On My Mind
17:39 - Rubettes - Sugar Baby Love
17:47 - De Kast - De Tijd Tikt Door
17:52 - Bob Marley & The Wailers - Three Little Birds
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)