Weistra op wei fan 12 july 2017 16:00

De seehûnekresj yn Pieterburen hat ambisjeuze plannen: it besikersoantal moat nei de 100.000 per jier. De klam komt noch folle mear te lizzen op edukaasje, sa fynt direkteur Niek Kuizenga, der komme bijgelyks kuiertochten nei it Waad ta. En we moatte ôf fan it idee dat seehûnen sneue bistjes binne, seit Kuizenga, "it binne de wolven fan it Waad". Yn Weistra op wei in gesprek mei him.

It wie in opmerklik ferhaal dêr't sjoernalist Jitze Hooghiemstra fan de Franeker Courant tsjinoan rûn. In ynwenner fan Noard-Hollân blykte in bysûnder famyljebesit te hawwen: trije eksimplaren fan de Frjentsjerter Krante út 1787. De Noard-Hollanner wol der wol fan ôf, mar om se no yn it âld papier te mikken giet ek wol wat fier. Hooghiemstra fertelt yn Weistra op wei it ferhaal oer de âlde kranten.

Fierder fansels de fêste saken, it lêste Fryske nijs, it waar en It Slotstik.

16:04 - Aretha Franklin & George Michael - I Knew You Were Waiting For Me
16:13 - Ed Sheeran - Galway Girl
16:22 - Steve Harley & Cockney Rebel - Make Me Smile
16:39 - Souldada - Salsabern
16:48 - Bruno Mars - That's What I Like
16:55 - Spice Girls - Mama
17:06 - Mika - Grace Kelly
17:17 - Wiebe - Sjoch It Ljocht
17:26 - Janieck - Feel The Love
17:42 - Nina Simone - My Baby Just Cares For Me
17:51 - Calvin Harris Ft. Various Artist - Feels
17:57 - Rob De Nijs - Ritme Van De Regen

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)