Weistra op wei fan 12 jannewaris 2018 16:00

    Renske Wassenaar har sânjierrige dochter hat de seldsume Noordzee-sykte. Foarich jier is foar in behanneling in crowdfunding-aksje úteinset. Yn Weistra op wei hearre hoe't it dêr mei stiet. En hoe giet it mei Luna sels?

    Yn Lauwerseach is dizze wike in slim skansearre hovercraft binnenkaam. Oan de stjoerboardskant mist in grut stik út de boech. It liket in wûnder dat de hovercraft, dy't brûkt wurdt foar ferfier fan personiel nei boareilannen, net sonken is, mar dat is net sa gek. Dat fertelt Albert Keizer fan NG Shipyards, dêr't it skip repareard wurdt. Hy docht syn ferhaal yn Weistra op wei.

    En bern yn Achtkarspelen moatte oan it wetter. Drinke, wol te ferstean, want dat is sûn, sa leit wethâlder Sjon Stellinga út. Ferfelend is wol dat Vitens krekt yn Achtkarspelen de drinkwettertariven ferheget...

    Dat, en folle mear, yn Weistra op wei.

    16:06 - Wulf - Mind Made Up
    16:17 - Bangles - Walk Like An Egyptian
    16:23 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
    16:37 - Jos Harteveld - Maaike
    16:45 - Brooke Fraser - Something In The Water
    16:48 - Romeo - Coming Home
    16:56 - Script - Rain
    17:07 - Calvin Harris - My Way
    17:15 - Eurythmics - There Must Be An Angel
    17:27 - Syb - Radiostilte
    17:40 - Portugal The Man - Feel It Still
    17:49 - Gilbert O'sullivan - Get Down
    17:53 - Meat Loaf - Paradise By The Dashboard Light

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)