Weistra op wei fan 12 desimber 2016 16:00

    De feiligens fan kitesurfers kin better. Per jier moatte de reddingsbrigades sa'n 130 kear útrukke om planksilers te helpen. Derom begjint de Koninklijke Nederlandse Reddingsmaatschapij mei it bûn fan kitesurfers mei in kampanje. Olaf Tompot fan de KNRM fertelt dêroer yn Weistra op wei.

    Peter Bruinsma fan Ljouwert is gek op muzyk. Jierrenlang draaide er platen by de lokale omrop fan de haadstêd, mar dêr kaam koartlyn in ein oan. Mar radiomakker bliuwt er, en dat sil er jûn bewize as er tegearre mei eks-VPRO-coryfee Jan Donkers twa oeren lang (alternative) krystmuzyk draait op KX, de Amsterdamske ynternetstjoerder dy't Rob Stenders oait opsette.

    Yn it Fryske nijs ûnder oaren omtinken foar it app-ferbod dat fytsers oplein wurdt, en fierder kin der fansels wer stimd wurde op It Slotstik.

    16:07 - Nolan Sisters - I'm In The Mood For Dancing
    16:17 - Shawn Mendes - Mercy
    16:39 - Eddy Dykstra - Efkes Werom
    16:49 - Stromae - Formidable
    17:08 - Mavericks - Dance The Night Away
    17:17 - De Kast - Op Wei Nei Hus Foar 't Krystfeest
    17:39 - Laura Fygi - Sleigh Ride
    17:49 - Ilse Delange - Puzzle Me
    17:52 - Carpenters - Jambalaya

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)