Weistra op wei fan 12 april 2017 16:00

    It kwaliteitsferskil fan skoallen is fierstente grut. Te faak bepaalt de skoalle de takomst fan in bern. Dat stiet yn De Staat van het Onderwijs, in ûndersyk fan de Ynspeksje foar Underwiis, dat hjoed útkaam. Yn Weistra op wei prate we mei direkteur Marcel Klaverkamp fan it Dockinga College. Krekt yn Noardeast-Fryslân spilet dat probleem: in leech skoaladvys komt dêr yn ferhâlding folle faker foar, mar neffens Klaverkamp is dy trend no trochbrutsen. Yn dy sin is er it dan ek net iens mei it rapport.

    De âlde skoalle fan Achlum stiet op 'e nominaasje om sloopt te wurden. Skande, fynt Mink de Vries fan Swolle. It is in midsiuwske skoalle, mei in grutte histoarysk-religieuze betsjutting. En boppedat wie de skoalle ek nochris it dekôr fan de taspraak dy't de eardere Amerikaanske presidint Bill Clinton dêr seis jier lyn hâlden hat.

    Fierder yn Weistra op wei it lêste Fryske nijs, muzyk en It Slotstik.

    16:06 - Vaya Con Dios - Heading For A Fall
    16:13 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
    16:22 - Chris Norman & Suzi Quatro - Stumblin' In
    16:41 - French Connection - Iselmar
    16:50 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
    17:06 - Texas - Inner Smile
    17:14 - Mariusz & De Muzikanten - Langjend Nei Dy
    17:22 - Spandau Ballet - Gold
    17:39 - Beatles - Help
    17:46 - Clean Bandit - Rockabye
    17:51 - Peter Koelewijn - Angeline

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)