Weistra op wei fan 11 septimber 2015 16:00

Fryslân komt yn aksje foar flechtelingen. Dokkum krijt in asylsikerssintrum, Ljouwert makket him op foar in needopfang, en dat neist de plannen foar opfang dy't der yn ús provinsje al binne. De gemeente Kollumerlân stekt dêr mar meager by ôf, fynt AFA, de aksjegroep Antifaksistyske Aksje. Jierrenlang wiisden guon nei it azc yn Kollum yn de syktocht nei de moardner fan Marianne Vaatstra, dat blykte allegear net wier te wêzen, mar neffens AFA brûkt de gemeente dat argumint om gjin needopfang te wollen. "Neat fan wier", seit boargemaster Bilker fan Kollumerlân, al jout er ta dat de hiele affêre noch altyd djippe wûnen ûnder de befolking sjen lit. Yn WoW gean gemeente en AFA mei mekoar yn diskusje. Dan rommelet it al in skofke yn it besjoer fan SC Hearrenfean, fannemiddei in gesprek mei bestjoerslid Anne Hettinga. Hokker kant fynt hy dat it út moat? Mear fuotbal yn WoW: we sjogge foarút op de wedstriden dy't Cambuur en Hearrenfean spylje moatte -en hoe komt it mei it keepersprobleem by Cambuur? Dat, mei it ferhaal oer de earste edysje fan de keunstrûte fan Burdaard, It Slotstik, wêryn't hjoed keazen wurde út trije nûmmers oer "New York", en fansels it lêste nijs út Fryslân.

16:08 - Jason Derulo - Want To Want Me
16:15 - Matt Bianco - Whose Side Are You On
16:25 - Julia Zahra - Just An Illusion
16:40 - Status Quo - Whatever You Want
16:50 - Coldplay - Lovers In Japan
17:09 - Debarge - Rythm Of The Night
17:21 - Ricky Martin & Christina Aguil - Nobody Wants To Be Lonely
17:40 - Proclaimers - I'm Gonna Be
17:50 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Dev) - Reality
17:57 - Frank Sinatra - New York New York (Theme From)
Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)