Weistra op wei fan 11 oktober 2017 16:00

It Fryske Folkslied soe ferplichte kost wurde moatte foar skoalbern. It provinsjaal bestjoer toant him hjir foarstanner fan, sa docht hjoed bliken. It plan ropt in soad op, wjerstân mar ek sympaty. Yn dat lêste kamp sit Philippus Breuker, âld-heechlearaar. Yn syn tiid as skoalmaster learde er it syn bern al. "It heart by de opfieding", fynt Breuker. Mar is dat anno 2017 noch wol sa?
It kommend wykein giet de grutte eksposysje oer Mata Hari fan start, yn it Fries Museum yn Ljouwert. Njoggentichtûsen besikers wurde der ferwachte, mar dat soenen der bêst folle mear wurde kinne. Ferslachjouwer Karen Bies mocht al even sjen, yn Weistra op wei in earste ympresje.
En de Ljouwerter fotograaf Henk Jan Dijks wie juster by it ôfskied fan Arjen Robben. De hiele wedstryd hâlde Dijks syn 400 mm-lins op de fuotballer rjochte, en slagge der yn om de triennen ûnder it Wilhelmus te "fangen". Ek mei him in petear.
Dat, mei de fêste saken, yn Weistra op wei.

16:07 - Armin Van Buuren - Sunny Days
16:15 - Paul Simon - You Can Call Me Al
16:25 - Alicia Keys - If I Ain't Got You
16:42 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
16:52 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk
17:06 - Ed Sheeran - Galway Girl
17:15 - Marcel Smit - Leafde & Whisky
17:38 - Omi - Cheerleader
17:45 - George Michael - Faith
17:48 - Sixpence None The Richer - Kiss Me
Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)