Weistra op wei fan 11 maaie 2016 16:00

Yn Weistra op wei in gesprek mei de gitarist fan Douwe Bob, Jan Peter Hoekstra, berne yn Snits, opgroeid yn Oerterp. It optreden op it Eurovisie Songfestival justerjûn wie in grut súkses, "Slow Down" hat de finale fan sneon helle. Oer hoe't Jan Peter dizze jûn belibbe hat fertelt er yn Weistra op wei, en ek oer de binnensmokkele whiskey en jenever yn de plantespuit fan de kapper!
De seespegel giet noch folle hurder omheech as oant no ta oannommen waard. Troch it ranen fan de Antarktyske iiskappen kin de see wolris twa heger komme te stean as earder ferwachte waard. It KNMI neamt de omfang fan de stiging "rampsalich". De nijste sifers betsjutte dat Nederlân de plannen foar de kustbeskerming drastysk oanpasse moat. Yn Weistra op wei in petear dêroer mei Bé de Winter fan it Wetterskip Fryslân. Hoe lang hâlde wy noch drûge fuotten?
Fierder yn Weistra op wei omtinken foar it jongere-iepenlofspul "Faam", dat freed yn Jorwert syn premjêre hat, it Slotstik, en fansels it lêste Fryske nijs.

16:09 - George Harrison - Got My Mind Set On You
16:16 - Twenty One Pilots - Stressed Out
16:39 - Eddy Dykstra - Efkes Werom
16:50 - Common Linnets - Calm After The Storm
17:09 - Ace Of Base - All That She Wants
17:16 - Lukas Graham - 7 Years
17:37 - Hot Chocolate - So You Win Again
17:47 - Douwe Bob - Slow Down
17:51 - Pigmeat - De Alde Boekebeam
Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)