Weistra op wei fan 10 maart 2015 16:00

    Reboelje op Skylge! Want Camping De Kooi hat dizze simmer gjin poadium mear op Oerol. De kamping-eigner kin him net langer fine yn de regels fan it festival en hat besletten de stekker derút te lûken. Nei 17.00 in petear mei Gerrit-Jan Moes fan De Kooi en Oerol-direkteur Joop Mulder. Tsjek foaral ek it filmke op Facebook wêryn't Moes syn beslút taljochtet: https://www.facebook.com/video.php?v=1628473230714846

    Yn Weistra op wei geane we hjoed ek de grins oer! Nei Grinslân om krekt te wêzen. In delegaasje fan de FNP is hjoed op besite yn ús buorprovinsje om te sjen by minsken dy't skea hawwe fan de ierdbevings as gefolch fan gaswinning. De delegaasje is útnoege omdat Fryslân altyd achter de Grinslanners stien hat yn de striid tsjin de gaswinning. De FNP'ers sjogge op in pleats yn Bedum en se binne yn mar leafst twa tsjerken om de skuorren en fersakkings mei eigen eagen te sjen. Wat treffe se dêr oan? Hoe komt it by se binnen? En binne se ek benaud foar dit soartefan praktiken yn Fryslân? Harm praat mei Tjibbe Brinkman, FNP-riedslid yn Achtkarspelen.

    Aktrise Anne Wil Blankers is oan de tillefoan. Se stiet moarntejûn op it toaniel fan De Lawei yn Drachten mei de foarstelling Een Sneeuw. Blankers makket diel út fan selskip Het Toneel, mei ûnder oaren ek Benja Bruijning (Alles Is Familie), Carine Crutzen en Fockelien Ouwekerk (Moordvrouw). Tsjek no alfêst de webside fan Het Toneel: www.hettoneelspeelt.nl

    Fierders sit Willem de Vries oan tafel by oarlochsfeteraan Jan Veenstra út Burgum en is der wer hearlike muzyk!

    16:09 - Magic! - Rude
    16:18 - Helder - Moaier As Moai
    16:39 - Corrs - Irresistible
    16:49 - Capital Cities - Safe And Sound
    17:09 - Shary-An - Read My Book
    17:39 - Billy Joel - The Longest Time
    17:47 - Johannes Rypma - In Groet
    17:50 - Eruption - One Way Ticket
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)