Weistra op wei fan 10 maaie 2017 16:00

Begjin juny is yn Beetstersweach de Willem Lodewijk Conferentie, organisearre troch wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW. De list fan sprekkers dêr skeat nochal wat minsken yn it ferkearde kielgat: acht blanke mannen. "Een schreeuwend gebrek aan diversiteit" waard der roppen, ûnder oaren troch Jellie Tiemersma. Dizze ûndernimmer ljochtet yn Weistra op wei har krityk ta, krityk dy't VNO/NCW-foarsitter Alfred Welink allinnich mar tajaan kin. "We hebben niet genoeg ons best gedaan", seit er, mar hy sil de flater rjochtsette.

Dizze wike stiet it wurk fan de Stichting Leergeld sintraal by Omrop Fryslân. Yn Weistra op wei fan 'e middei it persoanlike ferhaal fan Manousch Wouwenaar. Har heit en mem gienen fallyt. Oer de impact dy't dat op har hie fertelt se in ferhaal.

Dan is ferslachjouwer Simone Scheffer fan 'e middei yn Snits, yn it Skipfeartmuseum wurdt it boek "Friesland Vandaag" presintearre, it earste eksemplaar is foar kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Fierder fansels It Slotstik, it waar en it lêste Fryske nijs.

16:05 - Status Quo - The Wanderer
16:12 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
16:21 - Randy Crawford & The Crusaders - Streetlife
16:41 - Pigmeat - Herman Moest Naar Brada (Music Night 2008)
16:51 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
17:06 - Black Eyed Peas - Don't Lie
17:16 - Dionne Warwick - Heartbreaker
17:36 - Tommy James & The Shondels - I Think We're Alone Now
17:38 - James Arthur - Say You Won't Let Go
17:48 - Stromae - Formidable
17:54 - Shadows - F.B.I.

Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)