Weistra op wei fan 10 febrewaris 2017 16:00

Seker sechtich poppen per jier stjerre om't de mem wilens de swangerskip rookt. Berntsjes dy't it wol helje, hawwe faker sûnensklachten. Likegoed hâldt noch altyd sa'n njoggen persint fan de swangere froulju net op mei smoken as se swier binne. De oerheid begjint derom hjoed mei in kampanje om dy froulju -en har omjouwing- fan de sigaret ôf te krijen. Hoe dreech as dat is wit Diana Ruitenbeek fan it Steunpunt Stoppen met Roken, sy docht fan 'e middei har ferhaal.

Dan hat de Sint Franciscustsjerke yn Boalsert fan de paus de status fan basilyk krigen. De roomske tsjerke is dêrmei de noardlikste yn ús lân dy't dy earetitel krijt. Oer it werom, en wat dat fierder betsjut, docht René Koster fan 'e middei ferslach.

De ôfrûne nacht is Hessel Wiegman fan Skylge stoarn. Wiegman is foaral bekend wurden as rêder fan seehûnen, yn maart giet syn opfangsintrum iepen. We prate oer him mei syn neef, sjonger Hessel van der Kooij.

Fierder de fêste gast op freed, advokaat Bart Canoy, it lêste Fryske nijs en fansels It Slotstik.

16:05 - Belle Stars - Sign Of The Times
16:14 - Weeknd Ft. Daft Punk - I Feel It Coming
16:22 - Jimmy Cliff - Wild World
16:41 - Dua Lipa - Be The One
16:51 - Fjouwer Troubadoers - De Alde Pundyk By Del


17:06 - Shania Twain - That Don't Impress Me Much
17:15 - Mariusz & De Muzikanten - Langjend Nei Dy
17:23 - Midge Ure - If I Was
17:39 - Diana Ross - You Can't Hurry Love
17:48 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
17:54 - Patricia Paay - Je Bent Niet Hip
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)