Weistra op wei fan 10 desimber 2015 16:00

- Wêrom is kultuerredakteur Henk te Biesebeek sa'n grut fan fan David Bowie?
- Hoe kin it dat De 2 Gemeenten yn Jirnsum no dochs iepen kin mei de krystdagen?
- It RIVM ferwachtet yn 2040 folle mear hert- en fetsykten. Kinne we dêr noch wat oan dwaan?
- Hjoed wie de útspraak yn de Tsjûkemarmoardsaak, en Hayo Bootsma wie der by!
- Ferslachjouwer René Koster is Kollumersweach. Kin er dêr noch wat betsjutte foar de Voedselbank?
- Tafel18-kok Michiel de Waal fan Tafel 18 sil itensiede. Soe er dat goedkeap kinne?

Der binne al hast 20.000 kaarten ferkocht yn de foarferkeap fan de grutte eksposysje oer David Bowie yn it Groninger Museum, dy't hjoed offisjeel úteinset is. Direkteur Andreas Blühm ferwachtet dan ek folle mear belangstelling as de 150.000 besikers, dy't yn de tolve wiken dat de eksposysje duorret, talitten wurde kinne. Blühm siket nei alternativen foar alle minsken dy't hy teloarstelle moat.

De eksposysje mei 300 objekten út de priveesamling fan David Bowie is yn 2013 opset troch it Victoria and Albert Museum yn London en reizget no de hiele wrâld oer. Grins is it iennichste plak yn Nederlân wêr't de eksposysje te sjen is. De tentoanstelling jout in oersjoch fan de 50-jierrige karrière fan de no 68-jierrige popstjer. Bekende hits fan Bowie binne ûnder oare Space Oddity, Heroes en Let's Dance.

16:09 - Shakin' Stevens - This Ole House
16:20 - Zara Larsson - Lush Life
16:42 - Gurbe Douwstra - Thus
17:09 - Chieftains Mei The Corrs - I Know My Love
17:18 - Kygo (Ft. Ella Henderson) - Here For You
17:36 - U2 - Christmas (Baby Please Come Home)
17:42 - Aldjiersploech Marsum En Van Wie - Marsum Ahoy
17:50 - Police - Message In A Bottle

Share this page on:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)