Weistra op wei fan 1 septimber 2016 16:00

    Der is in wize om fan migrêne ôf te kommen. Dat hat Bertha Middendorp fan Elslo, tritich jier migrêne-pasjint, ûnderfûn. Sy is middels hypnoaze fan har sykte ôfholpen. Se skreau der in boek oer, en helpt no minsken yn har praktyk. Fiifensantich persint fan de migrênepasjinten kin se sa genêze. Yn Weistra op wei leit se út hoe't se dat docht, sa op dizze earste dei fan de Week van de Migraine.
    Dan binne yn Ljouwert de lêste wiken sa'n hûndert fytspealtsjes opromme. Dat is moai, want de pealtsjes, bedoeld om slûpferkear tsjin te gean, feroarsaakje soms slimme ûngelokken. It opromjen is dien op inisjatyf fan De Fietsersbond, mar Frysk foarsitter Kees Mourits is noch lang net tefreden: der binne noch fierstente folle fan dy pealtsjes. Hy pleitet yn Weistra op wei foar in kliklijn tsjin slûpferkear.
    Fierder yn Weistra op wei omtinken foar it teaterspektakel De Dwerskop, lokaasjeteater midden op de Sintrale As by Burgum, yn It Slotstik kin wer stimd wurde op in ferske dat oer "septimber" giet, en fansels it lêste Fryske nijs.

    16:07 - Pretenders - Don't Get Me Wrong
    16:14 - Shawn Mendes - Treat You Better
    16:19 - Caro Emerald - Stuck
    16:36 - Sake - Denk An Dy
    16:45 - Coldplay - Hymn For The Weekend
    16:52 - Denis Azor - Ala Li La (Sega)
    17:09 - Genesis - Jesus He Knows Me
    17:17 - Krijn - Zo Is Het Leven
    17:37 - Gibson Brothers - Que Sera Mi Vida
    17:42 - Dnce - Cake By The Ocean
    17:50 - Jamie Lidell - Another Day
    17:53 - Green Day - Wake Me Up When September Ends
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)