Weistra op wei fan 1 novimber 2017 16:00

    It wie grut nijs juster, de ynfal yn Snits yn ferbân mei drugshannel en it wytwaskjen fan jild. De fertochten lieten har útbetelje yn bitcoins. Mar wat binne dat eins, en wat kinne je dermei? Fragen dy't we foarlizze oan "etyske hacker" Morssink op It Hearrenfean. Deselde ynfal hie ek noch in oar effekt: it buske fan in Snitser bedriuw kaam prominint op de foto -wylst se der hielendal neat mei te krijen ha. "Trial by media", it gebeurt faker tsjintwurdich, Mar wat dogge je deroan at it jesels oerkomt? Ek dêroer sille we it ha, yn Weistra op wei.

    Anne Hettinga fan Arriva is teloarsteld yn de plannen fan it nije kabinet foar ynvestearrings yn it Noardlike spoar, ek mei him in petear, en we sille it oer in bysûndere eksposysje fan lichems yn Ljouwert, dêr't opskuor oer is, want wêr komme dizze lichems eins wei?

    Dat, en noch folle mear, yn Weistra op Wei.

    16:06 - Script - Rain
    16:13 - Belinda Carlisle - Heaven Is A Place On Earth
    16:22 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein
    16:38 - Calvin Harris Ft. Frank Ocean - Slide
    16:48 - Common Linnets - Calm After The Storm
    16:52 - Sixpence None The Richer - Kiss Me
    16:56 - Avicii - Addicted To You
    17:07 - Justin Bieber - Sorry
    17:14 - Crowded House - Into Temptation
    17:23 - Wiebe & Elske Dewall - Make Me Yours (Frysk!)
    17:40 - Portugal The Man - Feel It Still
    17:50 - Frank Cunimundo Trio - Feeling Good
    17:56 - Blue Ft. Elton John - Sorry Seems To Be The Hardest Word

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)