Weistra op wei fan 1 maaie 2017 16:00

Op dizze ien maaie, de Dei fan de Arbeid, brekt Carel Zuil in lâns foar it bestriden fan de útwassen fan it kapitalisme. PvdA-er Zuil wie tsien jier wethâlder yn Eaststellingwerf. Yn in opinystik wiist Zuil op de gigantyske ynkommensferskillen: sa besitte de tachtich rykste minsken op 'e wrâld likefolle as de 3,5 miljard earmste. Mar past dizze sosjaal-demokratyske oprop fan Zuil noch wol yn dizze moderne tiid?

Hifi-studio It Harkstee yn Twizelerheide is in begryp by audioleafhawwers. Of leaver: wie in begryp, want eigener Durk de Heij hat de doarren fan syn winkel sûnt hjoed ticht. Hy hat syn nocht fan it runnen fan in ienmanssaak, èn it hiele hifi-gebeuren is de lêste tiid wol bot feroare. "Alle muzyk komt tsjintwurdich út de smartphone", seit De Heij.

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân sil tenei net mear fergaderje yn de âlde riedseal fan Snits. De gemeente krijt in nagelnij bestjoershûs. Ferslachjouwer René Koster siket fan 'e middei, by de start fan de wurksumheden, út hoe't dit allegear sit.

Dat, mei it lêste Fryske nijs, it waar èn It Slotstik, yn Weistra op wei.

16:05 - Starship - We Built This City
16:16 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
16:41 - Sipke De Boer - Njonken Dy
16:49 - Coldplay - Magic
17:06 - Kt Tunstall - Black Horse & The Cherry Tree
17:14 - Jack Bottleneck & Johan Keus - It Doarp
17:24 - Yazz & The Plastic Population - The Only Way Is Up
17:38 - Chairmen Of The Board - Give Me Just A Little More Time
17:46 - Rag'n Bone Man - Skin
17:50 - Sia Ft. Kendrick Lamar - The Greatest
17:53 - Klein Orkest - Over De Muur
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)