Weistra op wei fan 1 maaie 2015 16:00

    Hjoed in Weistra op wei in diskusje oer it fieren fan de dei fan de Arbeid. PvdA en it FNV pleitsje foar in offisjele feestdei op 1 maaie. De dei fan de Arbeid wurdt yn hiel Europa grut fierd. Minsken ha frij en fiere feest. Mar net yn Nederlân: hjir moatte we gewoan oan it wurk. As it oan Lutz Jacobi fan de PvdA leit, komt dêr feroaring yn. Akke Groenewoud fan ûndernimmersorganisaasje VNO-NCW is it dêr net mei iens. Neffens har sitte ûndernimmers net te wachtsjen op noch in frije dei dy't se trochbetelje moatte. Groenewoud en Jacobi diskusjearje mei elkoar.

    Fierder ha we it oer de eineksamens. Noch oardel wike en dan switte tûzenen middelbere skoalbern boppe har earste eksamen. En neidat ferline jier de eksamens foarôf stellen waarden op in skoalle yn Rotterdam, binne de rigels foar de befeiliging fan de toetsen behoarlik oanskerpe. Skoallen krije de toetsen noch mar koart foar de eksamenperioade om de kâns op stellerij sa lyts mooglik te meitsjen. Mar dat is dit jier krekt yn de fakânsje. Eksamenkoördinatoaren moatte spesjaal foar it oannimmen fan de eksamens op skoalle komme en kinne dêrtroch dus net op fakânsje. Japke Wiersema fan it Beyers Naudé gymnasium yn Ljouwert, leit út wêrom't skoallen dêr hielendal net bliid mei binne.

    16:09 - Brian Wilson - The Right Time
    16:15 - Souldada - Blau Fan Dagen
    16:27 - Caro Emerald - Quicksand
    16:40 - Racoon - Guilty
    16:50 - Michael Buble & Adams, Bryan - After All
    17:08 - Simon Webbe - No Worries
    17:18 - Stevie Wonder - Master Blaster
    17:37 - Room Eleven - Hey Hey Hey!
    17:45 - Kadanz - De Wind
    17:52 - Slade - Radio Wall Of Sound
    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)