Weistra op wei fan 1 juny 2017 16:00

De takomst fan pinautomaten op it plattelân liket rêden. Dat soenen je alteast konkludearje kinne as je de plannen fan de banken besjogge. Yn stee fan eigen jildautomaten komme de banken mei mienskiplike "flappetappers". Sa hoege doarpsbewenners net mear nei de stêd foar kontant jild. Is dit de oplossing foar in driigjende ferdwinende foarsjenning? Yn Weistra op wei in gesprek dêroer mei direkteur Jan Hendrik Jansen fan Doarpswurk.

Isabelle Diks, de eardere wethâlder fan Ljouwert, hâlde hjoed har maiden speech yn de Twadde Keamer. Altyd in bysûnder momint foar in nagelnije folksfertsjintwurdiger, se meie net ynterrumpeard wurde, en der binne blommen nei de tiid. Mar no siet Diks alris earder yn de Twadde Keamer, dus it is de fraach yn hoefierre dit wol ècht in maiden speech wie.

Dan ûntfangt Akkrum hjoed in opmerklike toerist: de hear Lely út Schiedam. Foar it fyftichste jier alwer komt er nei Fryslân, nei Hotel Goerres. It doarp hat in moai ferrassingsprogamma foar Lely gearstald, en ferslachjouwer Willem de Vries is derby.

Dat, mei It Slotstik, it waar, en it lêste Fryske nijs.

16:04 - Cliff Richard & The Young Ones - Living Doll
16:12 - Chainsmokers & Coldplay - Something Just Like This
16:22 - Emotions - Best Of My Love
16:38 - Femke & Sanne - Emosjoneel Fan Dy (Fmn '12)
16:46 - Twenty One Pilots - Stressed Out
17:07 - Duffy - Mercy
17:14 - Sytse Haima - Dat Ik Neist Dy Lizze Mei
17:24 - Fleetwood Mac - Save Me
17:36 - Rolling Stones - Let's Spend The Night Together
17:41 - Martin Garrix & Dua Lipa - Scared To Be Lonely (Edit)
17:50 - Diggy Dex (Ft. Jw Roy) - Treur Niet (Ode Aan Het Leven)
17:55 - Beatles - With A Little Help From My Friends
Harm Weistra

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
(advertinsje)