Weistra op wei fan 1 febrewaris 2017 16:00

    Tsien persint fan de ûnderwizers yn it fuortset ûnderwiis giet drege ûnderwerpen it leafst út de wei. Saken as terrorisme en homoseksualiteit binne taboe, se lizze te gefoelich. It is foar in protte leararen it bewis dat de yntegraasje tusken westerske en net-westerske noarmen en wearden feitlik mislearre is. Yn Weistra op wei de erfaring fan dosinte Marieke Vellinga.

    Dan wurdt der fan 'e middei yn Den Haach demonstreard tsjin de reisbeheiningen dy't presidint Trump oplein hat. Yn Weistra op wei prate we mei ien fan de dielnimmers oan de demo, Bartele Boersma fan Harns.

    Fierder omtinken foar de monumintale status dy't de Biltdiken krigen ha, tige tsjin it sin fan in protte Biltkers, en fansels it lêste Fryske nijs.

    16:05 - Robert Cray - Right Next Door
    16:13 - John Legend - Love Me Now
    16:23 - Gloria Gaynor - Never Can Say Goodbye
    16:39 - Sytse Haima - Ik Wol Witte
    16:47 - Twenty One Pilots - Stressed Out
    16:53 - Ub40 - Kingston Town


    17:08 - Santana & Michelle Branch - The Game Of Love
    17:18 - Ljoubjr De Band - Myn Eigen Wei
    17:41 - Beatles - Help
    17:48 - Kensington - Sorry
    17:52 - Nena - 99 Luftballons

    Harm Weistra

    Weistra op wei

    Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    (advertinsje)